Wat de oarloch mei ús die

Sijbren van der Vlugt

“Begjin febrewaris 1945 wie ik thús doe’t der plotseling in jongeman by ús foar hûs del draafde, efkes letter folge troch in Dútske soldaat. Letter die bliken dat it Gerben Hallema west wie, in ûnderdûker. Hy wie troch de Dútsers oppakt, mar ek wer ûntsnapt doe’t se hast by de troch de Dútsers besette villa wienen. Fia it Molenpaad en de Lytse Buorren probearre Gerben te ûntkommen. Tony Vigolz, dy’t foar de villa op wacht stie wie lykwols al alarmearre en wachtte him op. Doe’t er de Parkstritte yn draafde skeat hy him daalks dea.


“Ik wie in jonkje fan sân jier doe’t de oarloch útbruts. Wy wennen yn Grou tusken it Molenpaad en de Grûndaam, de feart dy’t doe noch dwers troch de buorren rûn. Grou wie noch in lyts doarp, dat wy koenen hast elkenien. It Molenpaad wie altiten in rêstich strjitsje west en wie dat yn de earste jierren fan de oarloch ek noch. Dat feroare yn septimber ’44 doe’t de Grienen (de Grenzschutzpolizei) nei Grou kaam. Sa’n tweintich man foarderen de Halbertsma-villa oan de Parkstrjitte en setten de strjitte ôf. Foar de villa stie altiten in Dútser op wacht. Fan de Stasjonswei koenen je no net mear de koartste wei troch de Parkstrjitte nei de Paviljoenstrjitte nimme. It Molenpaad waard sa in belangrike alternative rûte. De iepenbiere skoalle, dêr’t ik ek op siet, stie foar de villa oer. Sadwaande hienen wy as bern wol ris kontakt mei de Dútsers. Wy fûnen it eins best aardige minsken, oant begjin febrewaris ’45.

Yn de tiid dat de Dútsers de villa besetten moast ús Heit, dy’t brânstoffenhanneler wie, nei Drinte ta om dêr tankgrachten te graven. Mei de Krystdagen mochten se even mei ferlof nei hûs. Se moasten dan wol harren persoansbewiis ynleverje. De Dútsers tochten dat se dan wol wer werom komme soenen. Mar Heit woe net werom en hat sa de lêste moannen fan de oarloch gewoan yn Grou west, sûnder pb! Hy wie net benaud en kaam ek gewoan noch bûten. Hy die âlde klean oan en rûn achter de brânstofkarre troch it doarp. Net dat hy noch wat te hanneljen hie, mar sa kaam er wol ûnder de minsken. Hy wie fierder meast gewoan thús.


As der praat wie fan in razzia dan socht er in better skûlplak op. Dat hie der makke yn it pakhûs oan de Suderkade. Dat pakten wy dan foarsichtich oan. Ik gie foarút en joech in seintsje as de kust feilich wie. Heit kaam dan en Mem folge. As wy ôfskie nommen hienen fan heit kuieren mem en ik wer werom. Foar it pakhûs oer wenne in frou dy’t alles sjoen hie en net al te snugger wie. Sy wie ek bolkoerrinster en kaam sa by in soad minsken oan ‘e doar. En se koe dan sizze: ‘Klaas van der Vlugt fine se noait, want dy sit yn it pakhûs foar ús oer.’ Fan in feilich ûnderkommen wie sa dus gjin sprake mear. Dochs hat hy de befrijing sûnder swierrichheden helle.


Fan de befrijing heucht it my noch dat ik nei de kade ta rûn. Dêr wie it grut feest. Mar wat my it meast ferbaasde wie dat ik minsken yn it doarp seach dy’t ik noch nea earder sjoen hie. Sa seach ik foar de molkewinkel fan Blaauw fjouwer ûnbekenden. Letter die bliken dat dat joaden wienen dy’t boppe de molkewinkel ûnderdûkt sitten hiene.”