Wat de oarloch mei ús die

Ine de Jong

"It bombardemint op de fleanbasis op 17 septimber 1944 heucht my as de dei fan juster. Ik wenne mei Heit en Mem en myn broer in eintsje bûten it doarp Bitgummoune. Ik wie krekt 11 jier wurden. Wy leinen allegearre op bêd, doe't der oan it begjin fan de nacht luchtalarm wie. Mem helle ús fan bêd en wy moasten de klean oandwaan. Al gau dêrnei foelen de earste bommen. Mem, myn broer en ik leinen yn de gong, wylst Heit him ûntferme oer Pake dy't by ús ynwenne. Foar ús gefoel kaam it hieltyd tichterby. It die al gau bliken dat dat ek sa wie. Alle kearen as der in bom ûntplofte gûlde Mem it út. Se lei boppe op myn broer en my. Doe't it einlings oer wie gie Heit nei bûten. Hy seach it fjoer boppe it doarp en hearde de minsken roppen. Hy gie der hinne en seach dêr in grutte gaos. Mei mear minsken fûn hy dêr Dirk Fokkema, dy't troch in foltreffer op syn hûs omkommen wie. Heit wie tige oandien doe't hy wer thús kaam. Yntusken sieten de buorfrou en har dochter by ús oan tafel om fan de skrik te bekommen. Mem sette tee. In pear manlju, nei alle gedachten fan de luchtbeskerming, kamen oan de doar om te hearren oft alles goed wie. Sy moasten de buorlju fertelle dat har sweager /omke ek omkommen wie by it bombardemint. It wie in freeslike nacht dy't ik nea ferjitte sil!"

Zie ook Doede Fokkema